Hea! fan 14 maaie 2015 18:20

It bliuwt altyd wer in spannende dei foar de famylje Posthuma fan Driezum. Slagget it hjoed wer...hoe rint de ferkeap...ha wy genôch of dochs te min. Al 50 jier stiet heit Andries Posthuma mei syn hannel op Himmelfearstdei op de blomkemerk yn Ljouwert. Soan Reinder hat altyd mei heit mei west en hat sûnt 1996 ek syn eigen kream. En ek de folgende generaasje stiet al klear...

De Bocuse d'Or, De Librije, Waldorf Astoria en de Telegraaf...en dit binne noch mar in pear klanten fan Alwin Overwater fan Eksmoarre. As glêsblazer krijt hy de meast bysûndere opdrachten en dy komme út it hiele lân.........

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)