Hea! fan 14 juny 2017 17:35

    Boer Frans fan 'e Westereen is wer aardich by sûp en stút. It ôfrûne jier wie hy noch slim siik mar no is hy wer drok mei fan alles en noch wat. Sa is hy gau ris it fjild yn om by de kij te sjen dy't noch kealje moatte. Dêrneist hat Frans genôch wurk op 'e tún te dwaan en soarget hy ek noch foar syn mem.
    En Johnny Kooistra waard 69 jier lyn berne yn in merkewein op 'e merke fan Oranjewâld. Hy is alwer de fyfde generaasje Kooistra's dy't fan de merke libje. De drokke tiid komt der foar Kooistra no wer oan. Dizze simmer stiet hy mei syn sweef en draaimûne wer op in grut tal doarpsfeesten yn Fryslân.

    Boer Frans

    Boer Frans fan 'e Westereen is klear foar de simmer.

    Johnny Kooistra

    De sweef en draaimûne fan merkeman Johnny Kooistra.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)