Hea! fan 14 jannewaris 2016 18:20

Rudolf de Jong fan Aldhoarne hat in passy foar Fryske hynders. Hy hat der sels fjouwer. Mar no hat hy der ek noch ien yn syn wurkpleats stean. Rudolf hat dit Fryske hynder hielendal fan ôffalhout makke. Syn hynder wurdt de eyecatcher yn de hal fan it WTC-Expo by de hynstekeuring yn Ljouwert. It houten hynder moat dus op transport en dat hat noch hiel wat fuotten yn 'e ierde.

Willeke Bajetto fan Ljouwert kin net goed rinne en hat in scootmobyl, mar ek in hiele goeie help. Har blonde labrador Kyra docht in soad foar har. Willeke hat Kyra as pup oanleard om rommel op te pakken. Eltse dei meitsje se tegearre in moai tripke en dan fleant Kyra lofts en rjochts troch de strûken om it swalkôffal op te pakken.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)