Hea! fan 14 febrewaris 2020 17:20

Op syn fyfde emigrearde Marten Koonstra (28) mei syn âlders nei Canada om dêr te buorkjen. Hy bleau der 22 jier mar besleat oardel jier lyn werom nei Broeksterwâld te kommen. Hy mist Canada net, ek syn famylje en freonen mist hy net wylst it kontakt altyd hiel goed west hat. Marten hat in ûngemak hân en sûnt dy tiid is hy alle herinnerings fan syn libben kwyt. Yn Fryslân hopet hy wer in nij libben, in nij thús, te finen. In nije leafde soe dêr perfekt bypasse.

En op freed ek altyd in pronkje út it HEA!-argyf. Op falentynsdei 2018 makken wy in reportaazje mei Wiebren en Jiska dy't mekoar fûn hawwe troch HEA!  

"Ik leef foar hjoed want moarn kin der net wêze"

Sûnt in ûgemak fan seis lyn hat Marten Koonstra gjin herinneringen mear.

De leafde fûn fia HEA!

Jiska seach Wiebren yn 2014 yn in útstjoering fan HEA! Se socht kontakt mei him en ferhuze fan de Wâlden nei Nijemardum. Yn 2018 sochten we it stel op. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)