Hea! fan 14 febrewaris 2019 17:35

Ben van den Bosch út Oosterhout en Lenie Ettema út Ljouwert ha elkoar 6 jier lyn kennen leard troch in kontaktadvertinsje yn de krante. Beide tachtigers hienen harren nocht fan it langer allinnich wêzen. Nei wat telefoantsjes en brieven klikte it. En no binne Ben en Lenie gelokkich mei harren LAT-relaasje. 

Yn Surhusterfean wolle se frijgesellen helpe in nije leafde te finen. In promoteam dielt tusken 14:00 en 17:00 oere reade ballonnen út oan frijgesellen. Leeftiid makket net út. Wa't in leuke frijgesel sjocht kin dizze freegje mei nei de bus te gean. Binnen kinne se in speeddate hawwe.

Leafde op leeftiid

Ben van den Bosch (89 jier) en Lenie Ettema (84 jier) ha elkoar op lettere leeftiid troch in kontaktadvertinsje fûn. 

Fyn dyn nije leafde

Help foar frijgesellen yn Surhústerfean. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)