Hea! fan 13 septimber 2018 17:35

It is al hast in tradysje: it jierlikse doalhôf yn it maislân fan de famylje Tolsma fan Wytmarsum. Foar in euro kinne bern harren dêr kostlik fermeitsje. En de opbringst is ek noch foar it goede doel. 

Op it Hearrenfean kinne je sûnt fjouwer jier swurdfjochtsjen leare. By de klup Ascia oefenje se ien kear yn de wike alle slaggen mei it swurd. En om it hielendal echt te meitsjen, komt it 25 kilo swiere harnas der ek wolris by oan. 

Maisdoalhôf

It maisdoalhôf fan de famylje Tolsma yn Wytmarsum. 

Swurdfjochtsje

Swurdfjochtsje by klup Ascia op It Hearrenfean. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)