Hea! fan 13 oktober 2020 17:15

It is in ferslaavjende sport, sa sizze se by KSV De Harste yn Sumar: klaaidosjitte. En it docht net ien sear, want it slachtoffer is in skyfke fan klaai. Ofrûne sneon wie de lêste dei fan it jier dat de leden harren jachtgewearen lade koene om de klaaidowen de loft út te sjitten. It is noch net sa maklik om raak te sjitten, of sa as foarsitter Fetze Woudman seit: "Do moast einliks mis sjitte om de klaaido te reitsjen".

De 83-jirrige Klaas Ferbeek hie noch nea in kwaste yn 'e hân hân, mar no skilderet hij om raak. En hy hat der in soad niget oan. Hij fûn it wakker sneu foar de skûtsjeskippers dat dy ôfrûne simmer fanwegen de corona net sile koene. As kadoke wol hij no foar alle skippers in skilderij meitsje fan in skûtsje.

Klaaidosjitte yn Sumar

By KSV De Harste yn Sumar sjitte se de klaaidowen út de loft.

Skûtsjes skilderje

Pas op lette leeftiid ûntduts Klaas Ferbeek syn leafde foar skilderjen.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)