Hea! fan 13 novimber 2019 17:20

Hoe is it om yn in rôlstoel dochs by in berch del te skyen? Op de skyskoalle op De Jouwer kinne minsken mei in beheining dat ûnderfine. Milou Bosscher (17) gie earder wol mei har famylje op wintersport. Troch in turn-ûngelok rûn se in dwerslaesy op. Yn de sit-sky kin se dochs wer it gefoel fan de wyn troch it hier fiele.

Syn libben lang sit Thijs Jonker út Aldehoarne al yn it âld papier. As jonkje helle hy it op mei de hânkarre, tsjintwurdich hat hy der in lyts trekkerke foar. Ek al is hy al mei pensjoen, noch alle dagen giet Jonker der op út om papier fan partikulieren, bedriuwen of ferienings. Achter syn hûs slacht hy it earst op. 

Sitskye op De Jouwer

Milou Bosscher ûnderfynt hoe't it is om sittend te skyen. 

De âld papier-man fan Aldehoarne

Thijs Jonker fan Aldehoarne hellet alle dagen âld papier op. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)