Hea! fan 13 novimber 2017 17:35

It Bildts Songfestival yn Sint-Anne is al jierren in begryp by publyk en Biltsk sjongtalint. Tsientallen dielnimmers lieten op dizze 32ste edysje wer harren bêste sjongkeunsten hearre. Ien fan de sjongers dy't al in oantal jierren meidocht, is Freerk van der Leij fan Sint-Jabik. Winne docht er noait, mar hy genietet alle kearen wer fan syn 'moment of fame'.
Op It Hearrenfean treffe we Gea Prins mei har hûntsje Barry. Troch in spiersykte sit Gea yn in rolstoel. Se kin har goed rêde en op drege mominten jout it selskip fan har hûn har krêft.

Bildts Songfestival

De 32ste edysje fan it Bildts Songfestival yn Sint-Anne. 

Goeie Hearrenfean

Gea Prins fan It Hearrenfean en har hûntsje Barry. 

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)