Hea! fan 13 novimber 2015 18:20

It is wer safier! De boerekoal kin wer fan it lân en Klaas Visser fan Peazens-Moddergat is dan hielendal yn syn elemint. Klaas is túnker en in echte fjildman.

Húsdokter Huisman fan Boalsert makket fan de jierlikse grypprik in feestje. Hy lokket syn pasjinten nei de praktyk mei: "Earst de grypprik en dêrnei as treast in drankje".

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)