Hea! fan 13 maart 2019 17:35

De Dútske Sylvia Leemburg hat in winkeltsje yn twaddehâns guod yn de Ljouwerter binnenstêd. In hiel sosjaal plak mei sa nedich in bakje kofje en in lústerjend ear. "Sylvia is net in sosjaal wurker, se is ek net dyn mem mar in bytsje fan beide", sa fertelt ien fan de fêste klanten.

Strunend troch de provinsje treffe we yn Nes (Noardeast-Fryslân) Marjan Groeneveld dy't yn it doarp ferskillende adreskes hat dêr't se putsjes foar docht.

Sylvia's sosjale Sneupwinkel

Yn Sylvia's Sneupwinkel kin elts telâne. 

Goeie yn Nes

Marjan Groeneveld hat yn Nes ferskillende adreskes dêr't se putsjes foar docht. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)