Hea! fan 13 maart 2018 17:35

Jan Wijnsma is grut fan fan fuotbalklup sc Hearrenfean en hy rydt graach op de bus foar syn wurk by ferfierder Arriva. Moaier kinne je it dan net treffe as je hobby en wurk kombineare kinne. Jan is al mear as 25 jier de fêste sjauffeur fan de spilersbus fan It Fean. Hy hat al in soad trainers kommen en gean sjoen.

En Pieter van der Wal fan Ingelum is konsjerzje by Van Hall Larenstein, mar thús hâldt hy ek noch skiep yn syn selsmakke hokje.

Fêste sjauffeur fan SC Hearrenfean

Jan Wijnsma rydt de spilers fan SC Hearrenfean al mear as 25 jier oeral hinne.

De hobby fan Pieter van der Wal

Skiep neist de doar. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)