Hea! fan 13 maart 2017 17:35

    De Jersey-kij fan Bartele en Rianne Holtrop fan Rotstergaast meie it lân wer yn. Yn it libben op de pleats alle jierren wer in moai momint. Mar Bartele en Rianne pakke it grut oan: se knoopje der in iepen dei oan fêst, it momint is live op Facebook te folgjen en wurdt ek filme mei in drone. Hûnderten besikers komme op it evenemint ôf. Want it boerelibben is hip en fan dizze tiid!

    Yn Spannum is hast it hiele doarp yn 't spier mei de tariedingen foar it histoaryske toanielstik 'It kistke fan Sybrant Roorda'. Alle moandeis is der in naaikafee, dêr't tsientallen kostúms en aksessoares ynelkoar set wurde troch warbere frouljushannen.

    De kij der wer út

    Yn Rotstergaast meie de kij fan de famylje Holtrop der wer út. In barren dat hûnderten sjoggers lûkt, mar ek hielendal fêstlein wurdt mei moderne media.

    Naaikafee Spannum

    Foar in histoarysk toanielstik yn Spannum wurdt alle moandeis hurd wurke oan de kostúms. Hiel wat meters gerdynstof wurde ferwurke ta prachtige outfits.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)