Hea! fan 13 maart 2012

Sietsche Bouma fan Sumar makket poppehuzen. De konstruksje wie neffens man Bauke net goed genôch, en ek op it mêd fan it elektrysk koe der noch wol wat ferbettere wurde. En dus wurkje sy no tegearre oan 'e poppehuzen. Dat giet mar bêst, fynt it stel. Ek al kin in al 40 jier troud stel noch wol wat hakketakje..... Mar it moaie waar komt der oan, dus ynkoarten is it earst wer dien mei de gearwurking op de nifelkeamer.

En Molle van der Werf út De Westereen is gek fan elektrysk guod. Hoe âlder hoe better. Hy hat dan ek in hûs fol lampen en oare nostalgyske saken.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)