Hea! fan 13 maaie 2019 17:35

In merke mei felle knipperljochten, lûde muzyk en rap draaiende attraksjes jout foar guon minsken mei in beheining tefolle prikkels. Spesjaal foar harren is der yn Stiens in pear oeren in saneamde 'stille merke' organisearre. Alle attraksjes steane wat suniger en de muzyk is wat minder lûd. En der is foar elk in oaljekoek. De kliïnten fan Talant út Stiens genietsje folop.

Jan Bergstra mei graach in stik fytse op syn e-bike. Meastal makket hy in rûntsje om Snits. It bankje by it wetter yn Poppenwier is in moai plak om even skoft te hâlden. Bergstra fytst eins altyd allinne. Syn frou is al 25 jier lyn ferstoarn. 

Stille merke

De kliïnten fan Talant genietsje op de 'stille merke' yn Stiens. 

Goeie Poppenwier

Jan Bergstra hâldt even skoft op it bankje yn Poppenwier. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)