Hea! fan 13 maaie 2013

Yn Beetstersweach treffe wy Willem Boonstra. Hy is drok dwaande om peallen de grûn yn te slaan. Hy wurket foar 'de baron' en hâldt de landerijen by. Thús hat Boonstra noch in ko op stâl stean dy't op it punt fan kealjen stiet. Tegearre mei soan Tjalling sit Willem nei it wurk altyd yn in hok achter it hûs. Want mem hat binnen de boel opknappe litten en no fiele de manlju harren dêr net mear thús. Se sitte leaver tusken it nostalgyske guod...

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)