Hea! fan 13 juny 2019 17:25

Al hast 14 jier is se, Bor, de hûn fan Ype Tiekstra. At Ype in potsje te tennisjen giet, springt Bor ek yn de auto, want se wol mei. De tennisbaan yn Aldegea (Sm) is as in twadde thús foar har. Se kaam hjir al as pup en fermakket har tige mei alle ballen dy't har baaske oer it hek slacht. Ype hat in hechte bân mei syn hûn, Bor en hy binne echte maten.

En Hea! is al wer ta oan de lêste útstjoering foar de simmer. Om alfêst yn de stimming te kommen, ha we de moaiste simmerske plaatsjes opsocht yn Warkum en Hylpen. 

Bor, de tennisbaanhûn

Ype Tiekstra út Aldegea (Sm.) en syn Border Collie-hûn Bor binne dikke maten.

Simmer yn Fryslân

Hea! giet op nei de simmer! We binne werom mei nije útstjoerings fan moandei 2 septimber ôf. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)