Hea! fan 13 juny 2017 17:35

It binne krekt de Gebroeders Bever. Se binne beide heal om heal sûn, mar it binne ek trochsetters en se bouwe fan alles. Sijtze en Sytze binne alle dagen te finen op de tún fan Snakkerbuorren en op dit stuit drok dwaande mei it bouwen fan in nij praathûs.

Arie van Egmond is berne yn ‘e Heamar tusken Hylpen en Koudum. Doe’t hy tweintich jier wie emigreare hy nei Súd-Frankryk om dêr te buorkjen. Hy wie altyd sa drok dat hy der mar net oan ta kaam om wer ris nei Fryslân ta. En dat moast oars fûn syn freon Gerke Hoekstra. It ôfrûne wykein riden se tegearre de trekker-alvestêdetocht. Nei 40 jier is Arie wer werom yn syn heitelân en riidt hy op syn eigen trekker troch it Fryske lânskip.

SYTZE & SIJTZE

It duo Sytze en Sijtze bout in praathûs yn de doarpstún fan Snakkerbuorren

Arie op syn trekker

Nei 40 jier riidt Arie van Egmond wer op'e trekker troch Fryslân.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)