HEA! fan 13 jannewaris 2022 17:15

Yn 2003 stapte in kameraploech fan Hea! it hiem fan Sytse Paulusma yn Jirnsum op. Syn heit oppenearre him fuortendaliks: der moast noch in frou foar Sytse komme. En se moasten avesearje, oars soene der aanst gjin boeren mear wêze. Akkeneel seach de útstjoering en skreau Sytse in kaart. Yn 2006 troude it stel. Harren soan Jenso (15) is sadwaande de earste offisjele Hea!-poppe!

De ko fan RIchtsje de Boer fan Drachtsterkompenije kin de moaiste keunstkes. Rakker dûnset, springt oer hindernissen en lit Richtsje op syn rêch ride. Mar dat wie yn 2013. Yntusken is Richtsje 18 jier en har gjin boere-aspiraasjes mear. Se wol no eins oan de slach yn it leger. En ko Rakker, dy is der al net mear...

De earste Hea!-poppe

Jenso Paulusma is de earste Hea!-poppe. 

De keunstkes-ko fan Richtsje

Ko Rakker fan Richtsje de Boer liet yn 2013 moaie keunstkes sjen. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)