Hea! fan 13 febrewaris 2020 17:20

As bern waard se triggere troch har heit en mem. Dy gongen in soad nei festivals en Carmen gong mei. De muzyk is har mei de brijleppel ynjûn en se woe der mear mei dwaan. Hast alle wykeinen is se as DJ Carmen Lisa techno oan it draaien yn de clubs troch hiel Nederlân.

Peter Hooghiemster fan Drachten is hielendal sljocht fan lego. Hy bouwt it leafst alles wat mei ridders en frachtweinen te krijen hat.

DJ Carmen Lisa

Carmen draait alle wykeinen techno.

Peter Hooghiemster bouwt mei lego.

In pear jûnen yn 'e wike makket Peter bouwwurken fan lego.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)