By it muzykprojekt fan Philadelphia Zorg yn Sneek oefenje minsken mei in ferstanlike beheining foar echte optredens foar publyk Ien groep docht in Colourguard-oefening: mei flaggen ritmysk swaaie op muzyk. De oare groep oefenet foar in slachwurk-útfiering. It belangrykste dêrby is foaral it maat hâlden.
Skieppeboer Sjouke Dijkstra fan Noardburgum reparearret de ôfskieding fan syn lân. No is it noch rêstich, mar de drokke lammetiid komt der wer oan..