Hea! fan 13 febrewaris 2017 17:35

    Klaas de Graaf fan Burdaard (82) is al jierren mei pensjoen. As hússkilder krige hy wolris in opdracht om in wizerplaat fan in tsjerkeklok te fervjen of in wynwizer opnij yn it blêdgoud te setten. En dat wurk fûn hy sa moai, dat hy no noch altyd warber is as restaurateur. Sa hat hy sa njonkelytsen hiel wat klokken en wynfanen op Fryske tsjerketuorren wer moai makke.

    Yn Heech treffe we Sjoerd Ypma oan 'e kuier. De húsdokter hat sein dat dat goed foar him is. Yn syn wurksume libben hat Ypma hiel Europa troch west. No hat hy syn rêst fûn yn Heech.

    Restaurateur

    Al hiel wat wizerplaten en wynwizers op tsjerketuorren hat hy wer kreas makke. Klaas de Graaf fan Burdaard is 82, mar noch altyd aktyf as restaurateur.

    Heech

    Sjoerd Ypma fan Heech giet alle dagen te boadskipjen. Sa krijt er wat beweging want dokter hat sein dat dat goed foar him is.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)