Hea! fan 13 desimber 2017 17:35

It leafst soe se yn alle hokken en op alle souders fan Fryslân op 'e strún wolle nei âld krystguod. Geartsje de Boer sammelet al jierren alles wat mei kryst te meitsjen hat foar yn har brokante krystmuseum yn Himmelum.

Sykte, de masine stikken en it flaaks wol net goed brake. It sit Jaap Broersma (92) en Sikke Tuma (78) net mei. De mannen binne no al wiken dwaande mei it swingeljen fan 25 kilo flaaks foar in groep froulju. De groep wol it fezel brûke foar in projekt foar Kulturele Haadstêd 2018. En tsjin froulju kinne je fansels gjin nee sizze. 

It brokante krystmuseum

Krystmuseum by Geartsje de Boer út Himmelum

Flaaks bewurkje

Jaap (92) en Sikke (78) yn it Braakhok

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)