Hea! fan 13 desimber 2016 17:35

Fyftich jeugdspilerkes fan vv Minnertsgea meie it opnimme tsjin it earste alvetal fan de klup. De wedstriid wurdt organisearre omdat de 'pompeblêden' 50 jier besteane. En ek al reint it de hiele jûn, de jonges en famkes ha der sin oan om tsjin de 'grutte jonges' te spyljen en binne der wis fan dat se winne sille!

Piet en Anneke Algra fan Goaiïngaryp binne al hast 60 jier gelokkich mei elkoar. Algra hat altyd boer west, mar no hat de Parkinson him te pakken. Mei medisinen is it reedlik ûnder kontrôle te hâlden. It toutsje fan de winpel út 'e tiis helje kostet lykwols wol wat muoite...

vv Minnertsgea 50 jier

In bysûndere fuotbalwedstriid yn Minnertsgea. De fuotbalferiening bestiet 50 jier en dêrom spylje 50 jeugdleden in echte wedstriid tsjin de 'grutte jonges' fan it earste.

Piet Algra Goaiïngaryp

Piet Algra fan Goaiïngaryp hat muoite mei it toutsje fan de wimpel út 'e tiis te krijen. Parkinson hat syn hannen oantaast. Mar hy fielt him wol ryk en gelokkich mei syn frou Anneke, dêr't hy al hast 60 jier mei troud is.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)