Hea! fan 13 augustus 2013

Jannick de Jong fan de Gordyk siet as jonkje fan 4 jier al op de motor. Mei help fan heit Jochem fansels. Tweintich jier letter is Jannick kampioen yn de motorsport en heit helpt him noch altiten. Jannick sit net allinnich óp de motor, hy sleutelt ek hiel graach oan syn kolleksje âlde motorfytsen.

En út it Hea!-argyf fan 24 april 2013
Lisa Kraijenhage en har dochter Deborah dogge oan bûkdûnsjen. Lisa kaam hjir mei yn 'e kunde jierren lyn yn Israel. Se docht it net allinnich thús mar jout ek les en treedt op. De froulju wolle ek oaren waarm meitsje foar it bûkdûnsjen, ek manlju. Foaral de Fryske manlju kinne wol wat losser yn de heupen wurde. Foar de Hea! kamera dûnsje de froulju yn en om hotel de Oorsprong yn Sint Nyk. (mear ynformaasje? sjoch www.lalisa.nl )

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)