Hea! fan 13 april 2017 17:35

    Yn De Trynwâlden binne sa foar de peaskedagen al goed fan aaien foarsjoen. Korps De Bazuin sutelet al 40 jier mei tûzenen aaien by de doarren lâns, om sa de klupkas te spekken. Frijwilligers Harm Dijkstra en Tseard van der Kooi fan it korps ha fan it begjin ôf de ferkeapaksje organisearre.
    En op de dei fan The Passion mei eltsenien oanheakje yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert. Dêr wurdt troch in groep haaksters hurd wurke oan de grutste tekken fan 'e wrald. Yn 2018 moatte de 10.000 tekkens klear wêze.

    Aai-sutelje

    De aai-sutel-aksje fan muzykkorps De Bazuin fan Oentsjerk.

    Heakje mei The Passion

    De grutste tekken fan 'e wrald.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)