Hea! fan 12 septimber 2018 17:35

"Ik hâld fan moaie foarmen." Hendrik Jonker fan Boazum niffelet yn syn hok al jierren oan in moadelskûtsje fan sa'n twa meter lang. As jonkje fûn hy it al moai boupakketten ynelkoar te setten. Dit skûtsje bout hy sûnder pakket, hy fynt alles sels út. De moaie rûne foarmen, de kop en de kont, Hendrik strykt mei leafde oer syn skûtsje.

Dante en Quitein passe op twa jonge poeskes fan freonen fan har. De poeskes kinne noch net los, want de jonges binne bang dat se dan fuortrinne en miskien wol yn it wetter falle, en se kinne noch net swimme....

Hendrik strykt mei leafde oer syn (moadel)skûtsje

Op twa poeskes passe

Hea!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)