Hea! fan 12 septimber 2014 18:20

Yn Blije wenje Annet, Marrit, Marije en Anna Rixt Verbeek. It binne suskes en se dogge alle fjouwer oan hynsteriden. It bysûndere is dat se dressuer ride yn in team, en dat de fjouwer Fryske hynders ek nochris famylje fanelkoar is. Op it Frysk kampioenskip hawwe se in topprestaasje levere. Ofrûne wykein hat it fjouwertal meidien oan it Nederlânsk kampioenskip.

Jacco Boomsma fan Koehoal mei graach allinnich wêze. Hy docht yn de rêst en de stilte fan de seedyk ynspiraasje op foar syn keunst. Jacco hat op in seker momint keazen foar de frijheid en woe allinnich noch dwaan wat er leuk fûn. En dat docht er no...allinnich yn syn atelier, mar dochs soe er syn skilderijen graach oan it grutte publyk sjen litte wolle.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)