Hea! fan 12 oktober 2017 17:35

Durk Geertsma fan Frjentsjer (79) hat ôfskied naam as helpkoster fan de Martinitsjerke. Mar yntusken is hy al wer dwaande as frijwilliger. Want Geertsma kin net stilsitte. Moandeis is hy as earste wer yn tsjerke om te stofsûgjen, ôf te stofjen en op te rêden.
'De lytse wrotter'. Sa hjit it wurkautoke fan Bonne Sietzema út Harns. Sietzema hat in ienmans-boubedriuw. Twa jier hat hy dwaande west mei it weintsje mei 2 sinnepanielen op it dak en yn de achterbak oplaadpunten foar syn ark. Bonne wol de ienfâld werom yn it libben bringe. De lytse wrotter is net grut, mar alles wat hy nedich hat sit der yn.

De helpkoster fan de Martini

Durk Geertsma is 79 jier, mar noch altyd warber as frijwilliger yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer. 

De lytse wrotter

'De lytse wrotter' is it selsboude wurkautoke fan Bonne Sietzema fan Harns. 

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)