Hea! fan 12 novimber 2020 17:15

De Ljouwerter opera- en operetteferiening Animato hâldt der mei op nei hast 64 jier. It is foar de 23 oerbleaune leden finansjeel net mear op te bringen. It siet der al in skoftsje oan te kommen; it ledental rûn werom en troch de coronacrisis is alles yn in fersnelling terjochte kommen. De kledingkommisje sit noch wol mei túzenen selsmakke kostuums en dy wolle se graach erges ûnderbringe.

Hy wennet yn Grinslân, yn it Westerkwartier. mar hy fielt him oe sa Fries. Herman van Vliet wennet yn Doezum yn in grut houten hûs mei de namme Bokkesprong. It giet by Herman op it hiem nammentlik allegear wat oars. Hy hâldt ferskate âlde Nederlânske rassen: Drintske heideskiep, Fryske stabijhûnen en Grinzer piken. Ien bist is hiel bysûnder: de Readbûnte ko Herma. Dy krige hy kado as rêder fan dat âldfryske ras.

Teaterkoar Animato hâldt der mei op

Theaterkoor Animato hâldt der nei 64 jier mei op. Se hawwe romtes fol mei âlde kostuums, dy't in nij plakje nedich hawwe.

Herman, de Fryske Grinser

Hy wennet yn Grins, mar is sljocht op alles wat mar Frysk is. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)