Op de souder fan Pieter Visser yn Dokkum stiet in enoarme kolleksje miniatuer-graafmasines fan it merk Caterpillar. Visser krige se al as bern, doe't syn heit in bedriuw hie yn grûnferset. Sels is hy trochgien yn dit wurk en dêrfoar hat hy in soad yn Afrika west. Dêr lei hy mei syn graafmasines bygelyks plantaazjes oan. Visser is troch de jierren hinne suver fergroeid rekke mei dat kontinint.
Frans Hogendoorn en Ans Bekker út Utrecht rinne it Jabikspaad troch Fryslân. Alle kearen at se in pear dagen frij dogge se wer in etappe. Se genietsje enoarm fan it Fryske lânskip.