Hea! fan 12 maart 2015 18:20

Yn De Westereen sil hjoed in hûs troch de loft gean. Jente en Renny van der Veer sille wenje yn it hûs fan Jente syn heit en mem. Dêr wie it no wol de tiid foar. En om goed op inoar te passen hawwe se betocht dat der in mantelsoarchwente op it hiem komt fan it âlderlik hûs. Dêr komme de âlden fan Jente te wenjen. De mantelsoarchwente moat yn twa dielen mei in djiplader en in kraan te plak set wurde. En dat is noch in hiel och heden.

Op basisskoalle By de Boarne yn Boarnburgum is it hjoed tv-spektakeldei. De hiele klas is omtsjoend ta studio en redaksjeromte. Alles is krekt echt; sminksters, in nijslêzer en in waarman. Mar ek skeakelje nei in oare lokaasje. En de kameramannen en de lûdstechnisy hawwe it der ek mar drok mei.

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)