HEA! fan 12 jannewaris 2022 17:15

It is in pracht gesicht as Gerben en Klaske de Vries mei Frysk hynder en wein troch Hylpen rinne. Al 35 jier hawwe se hjir in fokkerij mei Fryske hynders: de Stal fan Hylpen. De passy foar it Fryske hynder is sawol by Gerben as by Klaske grut. Gerben syn heit is hjir eartiids mei úteinset. Hy seach in fôle op de merk op De Jouwer en sa is it sprookje begûn, fertelt Gerben. En Hea! seit Goeie yn it Griene Stjergebiet. Undernimmer Douwe Luurs makket alle wiken twa of trije kear in lekkere kuiere troch it gebiet. Gewoanweis jûns, mar de lêste tiid oerdeis, om't syn winkel troch de lockdown tichtmoast. It ferdocht him goed, hielendal om't er eins wat oerwurke wie.

Stal fan Hylpen

Dizze earste fôle groeide út ta stammem Inngrid, en alle hynders op de fokkerij stamme fan har ôf. Sa ek Herre 524. Dizze hynst docht dit jier foar it earst mei oan de hynstekeuring.

Kuierje yn de Griene Stjer

Luurs hat goeie oantinkens oan dit gebiet, want syn âlden stienen altyd op de kamping yn it natoergebiet en hy ken it gebiet dêrtroch hiel goed.

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)