Robin van der Land is 18 jier komt fan de Westereen en no al ferslaafd oan de natoerfotografy. De natoer sit neffens him altyd fol ferrassingen en der is alle dagen wer oare aksje. Mar, je moatte wol in soad geduld ha, foar dat iene moaie plaatsje.
Hy fynt it noch altyd prachtich wurk. Alle dagen wer faget Roel Postma de strjitten yn syn buert skjin. Fan it parkearplak fan de Poiesz oan de oprit fan buorfrou. Neat is him tefolle. Hy fynt dat it nedich is, mar it is ek syn lust en syn libben en Roel is no ien kear net in stilsitter.