Hea! fan 12 febrewaris 2020 17:20

It stoarmige waar fan dizze dagen lûkt in soad minsken nei Harns. Op de pier by de haven wolle se sels sjen hoe mâl as it giet mei de see en de wyn. De echte Harnzer 'Ouwe Seunen' ha it fansels wolris slimmer meimakke. Ald-meiwurker fan Rykswettersteat, Nico Pellenbarg, sit de stoarm fan 1954 noch goed yn it ûnthâld. 

Neil Ellis besiket syn telefoan werom te finen yn de greften fan Frjentsjer. In pear wike lyn rekke it tastel yn it wetter, mei Neil der by. Dat hie wol wat te krijen mei de pear drankjes dy't hy hân hie. De freondinne fan Neil besjocht it taferiel op ôfstân, mar kin der wol om laitsje.

Rûzich waar op de pier yn Harns

De pier yn Harns lûkt hiel wat minsken dy't de rûge see sels even sjen wolle. 

Ferdronken telefoan yn Frjentsjer

Neil Ellis siket om syn telefoan yn de greft yn Frjentsjer. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)