Hea! fan 12 desimber 2019 17:20

Hy hat it fan jongs ôf oan meikrigen; de leafde foar it âlde. Alles by Jan Talsma yn 'e hûs ademet antyk. Hy is grut leafhawwer en sammeler fan de moaiste klokken en oeral yn 'e hûs stean of hingje se. Hy wit by alle klokken in ferhaal.  

Sinteklaas is noch mar kret fuort, of de earste krystbeammen wurde al wer kocht. Sa ek by Minke Tiny de Vries fan Aldwâld. Tiny hat jierren yn in túnsintrum en in blommesaak wurke, mar hat no in ferkeappunt fan krystbeammen en eigen makke kryststikjes oan hûs. De griene fingers hat se fan beppe.. 

Klokkesammeler

Jan Talsma hâldt fan it âlde.

De krystbeammeferkeap is wer los

Minke Tiny de Vries fan Aldwâld hat de griene fingers fan beppe.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)