Hea! fan 12 april 2016 18:20

Bingo is hielendal hip en hot. Yn Harns wie freed in grutte Super Duper Bingo. De Topmoppies, in groep froulju dy't har ynsette foar goede doelen, hie it organisearre. Mei as haadpriis in echte Topmoppiesfyts. En it waard folle bak. Mei echte bingofanaten, mar ek echte bingodummys.... We dûkten yn de wrâld fan de BINGO!

En we treffe Sipke Fokkema op De Himrik. Hy rint mei in kroade fol fuchsia-planten fan syn folkstún nei syn hûs. Dêr sil hy se wer yn de potten sette.

Diel dit berjocht op:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei o/m tongersdei om 17.25 oere.
(advertinsje)