Hea! fan 11 septimber 2019 17:20

De Katolieke Plattelân Jongerein, koartsein de KPJ, dogge alle jierren mei in grutte wein mei oan de allegoryske optocht yn Sint Nyk. Ek dit jier klust der wer in grutte groep oan in wein. Der binne ferskate taken.

Op fakânsje hoege se net. Karst en Minke Woudstra ha genôch oan harren tún yn Teridzert. Dêr stean mear as 800 beltsjeblommen. De Woudstra's binne der sljocht op. Dit jier ha se wol ien hiel bysûnder eksemplaar; in beltsjeblom fan mar leafst 3 meter 71 sentimerter heech. Woudstra hopet dat hy de fjouwer meter helje sil.

De feestwein fan de KPJ yn Sint Nyk

Sa'n 35 jongeren klusse meielkoar oan in grutte wein foar de allegoryske optocht. 

Sljocht op beltsjeblommen

Sawat 800 beltsjesblommen yn de tún fan de famylje Woudstra yn Teridzert. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)