Hea! fan 11 septimber 2017 17:35

Kinst der pankoeken mei bakke, tee mei sette of der yn gliidzje. By it Modderfeest yn Dokkum brûkten de bern in hiel soad fantasy, mar wat foarop stie: smoarch wurde!

Ek yn de Tynje wie it glibberjen en gliidzjen yn de modder, mar dan troch grutte en lompe masines. 42 combines stride tsjin mekoar yn de NK combine-race. En it team fan Klaas Jan van der Krieke docht al hast tsien jier mei.

Modderfeest

Boartsje yn de modder yn Dokkum

NK combine-race

Mei combines troch de modder fleane 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)