Hea! fan 11 novimber 2020 17:15

Al 25 jier makket Hinke Elzinga op 11 novimber fan har tún in echte grizeltún. Bern meie der troch hinne rinne en krije oan de ein, nei in soad razen, har snobbersguod. De sfear is Halloween, mar foar Hinke heart grizeljen by Sint Marten. Dit wurdt it lêste jier dat Hinke har tún fersiert. Se giet mei 'grizelpensjoen'. Takom jier pakt har dochter it stokje oer.

Jolanda de Jong hat sûnt twa jier kafee De Heidehoeke yn Twizelerheide. Se fielt har as Sneker tige op har plak yn de Wâlden, mar doe kaam de corona en moast it kafee ticht. En wat dogge je dan? Jolanda waard kreatyf en begûn in krystwinkel yn de kroech.

Grizelje mei Sint Marten

Lekker grizelje yn Hinke har tún

Kroech wurdt Krystwinkel

Jolanda har kroech is no in krystwinkel

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)