Hea! fan 11 novimber 2019 17:25

Bert van Geel fan Dronryp hat in bysûndere hûshâlding. Alles yn syn hûs hat te krijen mei de natoer. Dat is Bert syn grutte passy en hy fertelt der graach alles oer op skoallen by bern, mar ek by lêzingen of eveneminten. Hy fynt Freek Vonk wol oké, mar sels fernimt hy dat de minsken syn ferhalen oer de natoer yn Nederlân júst prachtich fine en alles fan him witte wolle. Dus "Bert Natoer" sjocht in eigen TV programma wol sitten. 

Bert Natoer

Bert wit alles fan de natoer

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)