Hea! fan 11 maart 2019 17:35

Syn hannelsmerk is syn swarte hoed dy't hy altyd op hat, en hy mist ien earm, mar toch riidt hy moeiteleas auto. Taksysjauffeur Cor Bil fan Ljouwert is in markant man. Troch in besmetting mei streptokokken, de saneamde 'fleis-itende baktearje' moast syn hiele earm amputeard wurde. Mar Bil learde him der mei te rêden, kin in sjekky draaie mei ien hân en ek autoride. En no is hy al hast 19 jier taksysjauffeur. Wurk dat hy mei in woad wille docht, mar dêr't hy ek wolris eangstige mominten yn meimakke hat. 

Taksysjauffeur Cor Bil

Taksy-sjauffeur Cor Bil fan Ljouwert besiket fan eltse rit in feestje te meitsjen. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)