Hea! fan 11 maaie 2017 17:35

    Masines, kompressors, pompen, silinders, ark, bouten en moeren. Je kinne it sa gek net betinke of de mannen fan hannelsûndernimming Turkstra fan Snits ha it wol yn'e loads of op it hiem lizzen. Se komme om yn it guod. Mar dat ha de mannen ek it leafst. Want at je neat ha, kinne je ek neat ferkeapje.
    Yn de earste wike fan juny is it wer de Fryske foarlêswike. Alle Fryske pjutten wurde dan út it Tomke-boekje foarlêzen troch pakes, beppes, heiten, memmen, mar ek bekinde Friezen. Fijwilligers fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse en de Tomke-wurkgroep soarge derfoar dat de goed 26.000 Tomke-boekjes en posters ynpakt wurde en op de pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen terjochte komme. Dus de holle moat der al by.

    De mannen fan Turkstra

    De binde op it hiem fan hannelsûndernimming Turkstra fan Snits.

    De tariedings foar de Fryske foarlêswike

    Goed 26.000 Tomke-boekjes en posters moatte ynpakt en op 'e post.

    Hea!

    It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
    (advertinsje)