Hea! fan 11 july 2013

It heempark yn Heech is hast alle dagen suver in oarlochsgebiet. In groep bern is hjir oan it 'legerke-boartsjen'. Se hawwe in generaal en in korporaal en sels in aalmoezenier. Regelmjittich liedt dy de klok foar de tsjerketsjinst en freget dan yn gebed dat der mar gau in ein komme mei oan de oarloch.

En út it Hea!-argyf in reportaasje fan 11 maaie 2013:
Op soarchpleats It Heechhiem yn Tsjom hawwe se der in pear nije bewenners by. De emoe hat piken krigen. Ien fan de trije piken hat wat ekstra soarch nedich en wurdt yn 'e hûs fersoarge. Klaaske Meijer en har dochters Baukje en Marijke hawwe it mar drok mei it lytse bistje.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)