HEA! fan 11 jannewaris 2022 17:15

Se soene eins wat minder hynders ha moatte fanwege de sûnens. Mar Aise en Anneke Bouma fan Nes kinne it net litte, twa merjes binne al wer foal. Want it fokken mei Fryske hynders fine se prachtich. Dêrneist dogge se ek noch oan ringriden en tugen. Keuringsdagen binne hichtepunten foar de Bouma's. En hielendal no't in jonge hynst fan harren sneon meidocht oan de grutte Hynstekeuring yn Harich.

Hynderminsken Aise en Anneke Bouma

Aise en Anneke Bouma fan Nes binne echte Frysk hynderleafhawwers. 

HEA!

Hea! is in programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)