Hea! fan 11 jannewaris 2017 17:35

It is hast safier, moarn begjint it evenemint Faderpaard mei as hichtepunt de Fryske hynstekeuring op sneon yn it WTC yn Ljouwert. Ek op de Egberdina Hoeve yn Nijeveen rint de spanning op want no komt it der op oan. Susan Bouwman traint dêr in tal Fryske hynders dy't meidogge oan it muzikale showprogramma Friesian Proms. In show mei spektakulêre acts mei it Fryske hynder yn de haadrol. Bouwman hat al oan hiel wat shows meidien mar it bliuwt spannend. Binne har hynders der klear foar?

En yn Menaam treft Hea! molkboer Harm Postma.

De lêste trainingen foar de Friesian Proms

De lêste trainingen foar Friesian Proms.

De molkboer

De molkboer en syn klanten fan Menaam.

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)