Hea! fan 11 febrewaris 2021 17:15

Foar Watze Post fan Blauhûs is redens slypje net samar in aardige hobby. Al mear as 10 jier lyn is by him de sykte MS konstatearre. Dêrtroch kin hy in soad dingen net mear, lykas lang stean. Mar Post wol him foaral net beheine litte troch syn sykte. It slypjen kin hy sittend dwaan en sa hâldt hy ek in soad sosjale kontakten. Altyd dwaande bliuwe is syn devys. 

Mei wat snie en in slide biedt park Heremastate op De Jouwer in prachtich boartersplak foar bern. Foaral de heuveltsjes binne fansels machtich om mei de slide by del te gean. Mar net allinne bern genietsje der fan, ek 'âldere jongeren' wolle it noch wol graach ris besykje. 

Redens slypje

Watze Post fan Blauhûs hat aardich wat drokte mei de redens sliperij. 

Slydzje yn it park

Mei in slide kinne je yn park Heremastate op de Jouwer hearlik nei ûnderen fleane. 

HEA!

Hea! is der wer yn septimber !! It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(Advertinsje)