Hea! fan 11 desimber 2018 17:35

Yn syn rôze-reade 45-kilometer weintsje is hy in opfallende ferskining yn de wyk Skoatterwâld by It Hearrenfean. Koen Klinkhamer hat gjin riidbewiis mar sa rêdt er him prima. Koen wurket yn de grienfoarsjenning en hâldt mei leafde de wyk blêdfrij. Yntusken genietsjend fan Hollânske hits op de radio. Yn syn frije tiid is de túnman dj op in piratestjoerder. 

Harren platinum houlik ha se krekt fierd. Sjuk en Aafke de Haan fan De Westereen binne al 70 jier in pear, en noch altyd hiel bliid mei elkoar. Sjuk (90 jier) makket alle dagen noch in fytstocht fan in oere en Aafke breidet foar de hiele famylje sokken. En at it oan Sjuk leit komme der seker noch 10 jier by. 

Rôze auto

Túnman Koen Klinkhamer riidt yn syn rôze auto troch Skoatterwâld. 

70 jier troud

Sjuk en Aafke de Haan binne al 70 jier in pear. 

Hea!

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)