Hea! fan 11 desimber 2017 17:35

De krystmerk fan De Wissel, in wenfoarm foar minsken mei in beheining, yn Beetstersweach, is alle jierren in hichtepunt foar de bewenners. Der is fan alles te dwaan: in libbene kryststâl, in ritsje mei in hynstetram, sels kryststikjes meitsje. Mar ek harren selsmakke krystguod wurdt ferkocht.
Melle van der Goot fan Rûgehuzen sammelet en wit alles fan de busmaatskippijen dy't earder troch Fryslân rieden. Foto's, buskaartsjes, skaalmodellen en sels buspeallen; hy hat fan alles. En hy hat der ek al in pear boeken oer skreaun. Mar sels hat hy noch noait bussjauffeur west.

Krystmerk De Wissel

De Krystmerk fan de bewenners fan De Wissel yn Beetstersweach. 

Bushistoarikus

Melle van der Goot fan Rûgehuzen sammelet alles oer de eardere Fryske streekbusmaatskippijen. 

Share this page on:

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)