Hea! fan 11 april 2019 17:35

Nei jierren is it grutte poppehûs fan Eksmoarre wer werom yn eigen doarp. De keamergrute opstelling mei selsmakke poppen en alle meubeltsjes en ynrjochting der by waard yn 1987 troch frijwilligers makke. Doe't de de romte dêr't it poppehûs yn stie ticht gie, ferhúze it hiele spul nei in museumke yn Warkum. Mar ek dêr ûntstie romte gebrek. En no is it poppehûs werom yn Eksmoarre. Frijwilligers lizze er de lêste hân oan foar de iepening op 13 april, want der wurde wer hiel wat besikers ferwachte.

Under de wenwinkel fan Dineke Postma op de Nijstêd yn Ljouwert sit in bysûndere kelder. Doe't de Postma's it pand kochten krigen se der ek twa hiele âlde keapakten. Nei histoarysk ûndersyk die bliken dat de kelder al yn 1600 yn gebrûk wie troch in lekkenferver. Klanten fan de winkel kinne de kelder mei alle fynsten no besjen. En sa bliuwe se wol gauris langer yn de kelder hingjen as yn de winkel.

It poppehûs fan Eksmoarre

Yn Eksmoare is in hiel grut poppehûs te besichtigjen. 

400 jier âlde Ljouwerter kelder

De kelder ûnder de wenwinkel fan Dineke Postma yn Ljouwert is wol 400 jier âld. 

Hea!

It programma oer 'hea'gewoane minsken yn somtiden 'hea'laryske situaasjes. Hawwe jo in tip? Mail dan nei hea@omropfryslan.nl
(advertinsje)